Op werkdagen voor 23:00 besteld, morgen in huis Gratis verzending vanaf €20

Dynamyske Bestimming

Diel 20 fan 'In Fryske Odyssee'

Paperback NL 2022 1e druk 9789464249873
Verwachte levertijd ongeveer 2 werkdagen

Samenvatting

Dynamyske bestimming is it tweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.
Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten, Hege flecht en Dynamyske bestimming wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 2000.

Yn Dynamyske bestimming komt men net út by statyske situaasjes. Sa reizgje yn it jier 2000 Friezen út ’e hiele wrâld werom nei har bertegrûn en belibje dêr dagen fol dynamyk. Charles Lindbergh fleach yn it jier 1927 solo de Atlantyske Oseaan oer mei as bestimming Parys, dêr’t him in dynamysk wolkom wachte. Bouke Blomhof libbet ta nei in bestimming sûnder kij, wat de fraach opropt oft er de dynamyk op ’e pleats deryn hâlde kin. De auteur sels hie yn de maitiid fan 2015 It Heidenskip as bestimming, dêr’t de Koerd Adid ben Ali foar in dynamyske dei soarge. Oan de ein fan dit boek is in mearfâldige maraton it symboal fan dynamyk.

Specificaties

ISBN13:9789464249873
Taal:NL
Bindwijze:paperback
Aantal pagina's:312
Uitgever:Aspekt B.V., Uitgeverij
Druk:1
Verschijningsdatum:24-1-2022

Lezersrecensies

Wees de eerste die een lezersrecensie schrijft!

Managementboek Top 100

Rubrieken

Populaire producten

    Personen

      Trefwoorden

        Dynamyske Bestimming